Fiif dagen by Kees en Hammy (2) - Reisverslag uit Lasseube, Frankrijk van kees en hammy brooshooft - WaarBenJij.nu Fiif dagen by Kees en Hammy (2) - Reisverslag uit Lasseube, Frankrijk van kees en hammy brooshooft - WaarBenJij.nu

Fiif dagen by Kees en Hammy (2)

Door: Sjirk

Blijf op de hoogte en volg kees en hammy

18 Oktober 2007 | Frankrijk, Lasseube

It wie earst eefkes passe en mjitte want mear Makkumers ha it paad ek fûn nei Lasseube. Op de site fan Kees en Hammy stiet al in list mei nammen en data’s fan freonen en kennissen en wennear as dy komme. Wy pasten der noch krekt tusken. Op Skiphol wienen we hast te let foar it fleantúch. Der waard al omroppen dat ús bagaazje fan it fleantúch helle wurde soe. Wy drave en wienen noch krekt op tiid. Fanwege de fakânsje wie it drok op Skiphol. De gesachfierder liet yn it fleantúch earst witte dat der in kertier fertraging wie. Mar dat foel efternei mei. Wie wienen sels 10 minuten te gau yn Pau en doe wie Hammy oan de lette kant.
Lammert en Antje wienen der ek mei de kamper. Lammert is in eks-kollega fan Kees. Mei syn seizen binne wy de sneins nei Taron ta riden om it nije optrekje fan Kees en Hammy te besjen. In grut projekt. Mar at se der beide oer fertelle dan sjochtst it nije hûs foar de noas út de grûn rizen. Yn details fertelt Kees oer it nije plak foar de brûs, it húske, de sliepkeamers, de bearput en folle net genôch. Hammy fertelt graach oer it plak wêr’t de feranda en de túndoarren komme en wiist it plak oan wêr’t we yn de takomst in bakje dwaan kinne.
Dêrnei binne we gewaar wurden hokker grutgrûnbesitters at Kees en Hammy wurden binne. Ek dêrfoar mealle de plannen harren yn ‘e holle om. By it iennichste platte stikje grûn fertelt Kees dat dat stikje ornearre is fan de karavans en tintsjes. Dat like bêst genôch. Underweis ha we bulten kastansjes socht en dy wienen lekker.
Moandeis binne Lammert en Antje ôfsetten. Kees moast wer oan it wurk en Hammy, Aly en ik ha it Pietsy-paad rûn. Ferdwale? …Wy? Moast mar net op rekkenje. Jimme kinne dit lêze as in reaksje op it ferhaal Kastanjetiid fan Pietsy, Cees en Tjitske. Jûns hienen we de piip aardich út en ha we 2 boomkes klaverjast. Hammy en ik ha 2 kear ferlern.
Tiisdei binne Aly en ik tegearre yn de klussenbus nei Biarritz ta west. It strân lei fol mei badgasten en op de hege golven wienen de surfers te finen. We ha noch in stikje fan de stêd besjoen. In echte rike lju stêd wêr’t de eks-president fan Frankryk Mitterand in aardich optrekje hat. Om in oere of healwei achten wienen we wer thús. Lekker iten hân by Hammy en de jûns 2 boomkes klaverjast. Dizze kear ha Kees en ik it wûn.
De streekwyn Jurancon is hjir bysûnder. Dat ha we de lêste pear dagen wol meikrigen. Lekker wyntsje dronken. Dus moatte der ek in pear flessen mei nei hûs ta. Yn Gan stiet it febryk en in luks wynwinkeltsje der njonken. De wynboeren leverje de druven hjir ôf. Dei en nacht ride de trekkers mei grutte fetten op ‘e karren fol mei druven. As wie it ûngetiid. Yn it winkeltsje mochten we earst de wyn priuwe en ha dêrnei ynslein.
Doe binne we nei Lescar ta riden. Hjir is in Kringloop á la Broer de Ringh, Hammy har favorite stekje. Ik ha wat âlde fotolistkes kocht. De man achter de kassa frege at wy Hollandais binne. Dat tocht er al want de measte Nederlanders keapje allinne mar fotolisten.
De jûns binne we nei Pau ta riden. We hienen ôfpraat mei Kees dat we yn de Irish Pub op elkoar wachtsje soenen. Hjir koenen we noch moai de twadde helte fan Ruslân tsjin Ingelân sjen.. Doe’t Ruslân 2-1 makke fleach ik oerein. Doe seach ik der in eintsje fierder wat Ingelsken sitten mei in soer gesicht. Ik ha mar sein dat ik foar Guus wie.
Kees syn kollega Hans wie der ek mei syn famylje. De jûns ha we lekker iten yn “Le Berry”.
In oere as healwei alven wienen we thús. We ha net mear klaverjast.
Tongersdei te moarn kriget Hammy tillefoan fan Gip Hutzeson. Gip fertelde dat it fleantúch út Pau pas om 20.20 oere ynstee fan 18.15 op Skiphol ferwachte wurdt. We hienen al heard dat der stakingen yn Frankryk wienen, mar dat it ús treffe soe hienen we gjin rekken mei holden.
Dan mar eefkes letter thús.
Leave Kees en Hammy, it wie wer geweldich. Hartstikke bedankt foar fiif prachtige dagen en de jimme gastfrijheid. We ha wer genoaten fan it goede Frânske libben, lekker ite en lekkere wyn. As jimme aanst út Lasseube binne dan kinne wy ek noch wolris ûnwennich wurde fan dit rêstige, lytse doarpke. De bakker, de slachter, it krudenierswinkeltsje, ….it past der allegearre sa goed by. Yn Taron komme we seker wer in kear lâns. We binne no al niisgjirrich hoe’t it der allegearre út komt te sjen.


Groetnisse en in pear dikke tuten

Sjirk en Aly

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

kees en hammy

Wij gaan een jaartje wonen in Frankrijk. Kees gaat werken en ik niet. Via deze pagina willen wij familie, vrienden en bekenden op hoogte houden

Actief sinds 15 Nov. 2006
Verslag gelezen: 657
Totaal aantal bezoekers 186142

Voorgaande reizen:

20 April 2013 - 01 September 2013

Klassiek rondje GB met de VLIETER

09 Juni 2011 - 01 Augustus 2011

Vakantie 2011

01 Januari 2007 - 01 Januari 2008

Frankrijk

Landen bezocht: